19-11-2023 BALK – Jan Arendz en Marijke Geertsma komme mei gitarist Eddie Mulder mei de foarstelling Fêste Grûn. Renate, in sjoernaliste út ’e stêd, komt troch in ûngelok mei de auto yn kontakt mei Rein, in boer fan’t plattelân. Se reitsje oan’e praat en it docht bliken dat se it goed fine kinne. Rein is widner en wrakselt mei de stikstofproblematyk en de opfolging fan de pleats.
Renate is troud en wrakselt mei de feroaringen yn har wurk en har thússituaasje. Sy binne nijskjirrich nei elkoar en ferlieze harsels yn de blik fan dy oar. En troch de eagen fan dy oar, begjinne sy op ‘e nij te sjen nei harren eigen libben.
De foarstelling is op freed 24 novimber om 20.30 oere yn e Treemter te Balk. Leden betelje €19,- yntree. binne jo net lid betlje jo €22,-. Hawwe jo in cjp kaart, dan betelle jo €10,-. kaarten kinne jo bestelle fia dizze link