22-12-2024 JOURE – “(T)Sjoch!”, dat is de reade tried fan de 37e Nijjiersrevu dy’t yn jannewaris 2025 opfiert wurde sil. Mei 4 foarstellingen op sneon 11 (20:00 oere), freed 17 (20:00 oere) en sneon 18 jannewaris (14:30 en 20:00 oere) yn Party- en Zalencentrum ‘t Haske hopet de ploech wer in protte Jousters, minsken út de omkriten en oare belangstellenden in moaie jûn as middei te besoargjen.
“(T)Sjoch!” is in tema wêr’t de skriuwers fan de Jouster tradysje wol mei út de fuotten koene. Alle sketskes en lieten dy’t foar it fuotljocht brocht wurde binne troch de eigen skriuwers fan de revuploech skreaun.
Tsjoch wiist fansels op in toast op it nije jier, in buorreltsje yn ien fan de Jouster hoareka-gelegenheden drinke en de man as frou dy’t altyd toarst hat.
Sjoch lit jo letterlik dingen út in oare hoeke wei sjen, want dat mei de Jouster ploech graach dwaan. Saken dy’t op ‘e Jouwer spylje komme oan de oarder en wurde faaks ûnder in fergrutglês lein om sa in bytsje te stikeljen en jo op de lakspieren te wurkjen.
Der komme pronkjes fan lieten foarby, somtiden op bekende meldijen en soms op minder bekende wizen. Humor, gefoel, aktualiteit, Jousters en smûk binne wurden wêr’t de Jouster revuploech graach hannen en fuotten oan jout.
De lieding is ek dit jier wer yn hannen fan regisseur Anneke van den Akker. Omdat dit har fiifde en lêste revu op ‘e Jouwer wêze sil, pakt sy ekstra grut út. Dat betsjut ûnder oaren dat alle spilers en muzikanten in soad te dwaan hawwe op it poadium en dat it jo gjin tel ferfele sil om nei dit skouspul, dat ek yn de oergongen fan skets nei liet gewoan troch giet, te sjen. Der bart altyd wat, dus jo sille grif eagen en earen te koart komme!
Hans Wempe hat dit jier de muzikale lieding. Hans is in bekende op ‘e Jouwer: hy is hjir opgroeit en in soad minsken sille him noch kinne as master Hans op it Haskerfjild. Neist dat Hans de sjongers en sjongeressen as ingeltsjes sjonge lit, stjoert hy ek de revu-band oan. Want ja, ek dit jier wurdt alle muzyk wer live spyle. En hoe! Der binne nochal ris wat instruminten te hearren dit jier.
Dat revu foar spilers in moaie útdaging is, blykt ek dit jier mar wer. De ploech is op ‘e nij útwreide mei nij talint: Johan Meesters (fan ‘e Jouwer), Gerrit de Heij (fan Broek), Rudolf Philips (fan Sint Nyk) en Wyanne Papjes (fan Aldehaske) binne oan de ploech taheakke. Hjir sitte in pear leuke, entûsjaste jongelju by, goed foar in sûne miks oan spilers!
De dekôrploech hat ek wer de nediche útdagingen foar de kiezzen krigen. Mar dêr draait dizze ploech harren hân net foar om: hoe yngewikkelder, hoe moaier liket harren kredo. Sjoch docht har namme eare oan: yn it dekôr sil in soad te sjen wêze.
No noch wat oar de ynhâd fan de 37e revu? De Midstrjitte is in plak wêr’t in soad bart yn dizze revu, we bringe in besite oan de Jouster kafees en drinke dêr in buorrel (as twa) of wat oars. Dêr komme wy ek bekende Jousters tsjin. Us gemeente komt oan bod, der binne bûtenierdske wêzens sjoen op ‘e Jouwer en hoewol jo in soad te sjen krije, binne der sketskes by wêryn de spilers hast neat sjogge. Neat is wat it liket, dat sjogge jo ek yn dizze revu.
Wurde jo al wizer? Nee? Lit dat no krekt de bedoeling wêze. Gewoan komme en sjoch jo de eagen út ‘e holle. Tsjoch op it nije jier, wêr kinne jo dat no better dwaan as by de Nijjiersrevu op ‘e Jouwer!
Wy sjogge jo graach op sneon 11 (20:00 oere), freed 17 (20:00 oere) as sneon 13 jannewaris 2025 (14:30 en 20:00 oere) yn Party- en Zalencentrum ‘t Haske. Kaarten kostje € 15,00 (jûns) of € 12,50 (sneontemiddeis) en binne te keap op www.revudejouwer.nl en by Primera, De Merk 3 op ‘e Jouwer. By alle foarstellingen is der in lotterij mei moaie prizen en nei ôfrin fan de jûnsfoarstellingen is der live-muzyk.