09-01-2024 BALK – Vanavond gaf Burgemeester Feenstra in Balk zijn nieuwjaar toespraak. De inhoud is hieronder te lezen.
Bêste minsken,
Alderearst út namme fan it gemeentebestjoer de alderbêste winsken foar it nije jier, folle lok en seine. Dat it yn alle opsichten in moai jier wurde mei.
Foar de gemeente is it yn elts gefal in bysûnder jier. Op 1 jannewaris 2014 seach “De Friese Meren” it libbensljocht. De namme waard al gau De Fryske Marren. En no, 10 jier letter, is it tiid om in earste balâns op te meitsjen. Binne wy de bernetiid ûntgroeid en folwoeksen wurden? Ik kin dêrop folmûnich ‘ja’ antwurdzje.
Op 1 jannewaris 2014 wie ik der noch net by, mar yntusken mei ik mysels dochs al wol flink wat jierren in ‘Fryske Marder’ neame. In gemeente dêr ’t ik as boargemaster grutsk op bin. En dat meie jo ek wêze, hoe ’t jo ek oan dizze gemeente ferbûn binne. As lid fan it kolleezje, gemeenteriedslid, meiwurker, ynwenner, frijwilliger, ûndernimmer of as bestjoerder fan bygelyks in doarpsbelang.
De Fryske Marren is mei troch jo ynset de ôfrûne tsien jier útgroeid nei in profesjonele, betroubere en dynamyske gemeente, dy ’t op beskate ûnderwerpen in foarrinner is. En foar in soad gemeenten in foarbyld is. En dat komt net troch myn ynset, of dy fan in oar yndividu. Dat is eat wat we allegear presteart hawwe. Troch tegearre op te lûken, elkoar te fersterkjen en mei-inoar yn ferbining te wêzen.
Ut in boargerpeiling die bliken dat it fertrouwen yn de oerheid sakket. Dat liedt ta in opdracht foar elkenien dy ’t in taak hat binnen dy oerheid. Wy binne ommers tegearre de oerheid: ynwenners en gemeente. It heechste orgaan fan de gemeente (de gemeenteried) bestiet út keazen folksfertsjintwurdigers. En eltse ynwenner ken wol ien dy ’t by gemeente De Fryske Marren wurket. It is de buorman, de âld-klasgenoat, de tante óf dyn klupgenoat fan de sportferiening. Wy kenne inoar, ek by de gemeente. Wy foarmje tegearre De Fryske Marren. Dy ûnderlinge bining en ferbining is wichtich.
Seker yn dizze tiid. It seit in soad dat ús kening syn krysttaspraak begûn mei de wurden ‘Vrede op aarde’. Alle dagen sjogge wy de bylden út de ferskillende oarlochsgebieten foarby kommen. We hearre ek de ferhalen fan de bewenners fan it asylsikerssintrum yn Balk, of de Oekraïners dy ’t op trije opfanglokaasjes yn ús gemeente in feilich hinnekommen ha of sykje moatte. Dy ferhalen stimme fertrietlik. As boargemaster bin ik der grutsk op dat ús ynwenners en meiwurkers der foar dizze minsken binne en der alles oan dogge om harren in sa draachlik mooglike tiid yn ús gemeente te jaan.
De twa ferkiezingen fan ferline jier soargen foar politike ierdferskowings. Der binne soargen yn de mienskip oer de gefolgen. Minsken steane soms fier by elkoar wei. Ek dat stipte de kening yn syn krysttaspraak oan. Soms tinke we sa ferskillend dat we hast frjemden foar elkoar binne. Tsjinstellings meie, mar de wize wêrop ’t wy dermei omgean, is allesbepalend foar it goed funksjonearjen fan ús maatskippij.
Dit ha ek ik ûnderfûn, doe ’t we oan it begjin fan de simmer bekend makken dat we tusken It Hearrenfean, Rottum en Aldehaske de mooglikheden foar in azc ûndersykje wolle. Yn myn mailbox komme oer it ûnderwerp azc berjochten binnen dy ‘ tst sels mei de bêste wil fan de wrâld net folwoeksen of fatsoenlik neame kinst. It ûnderwerp libbet. Wol bin ik grutsk dat we yn ús gemeente yn de measte gefallen mei foar – en tsjinstanners op in fatsoenlike wize yn petear kinne, wêrby ’t begryp is foar elkenien syn stânpunten.
Dat sjogge wy ek wolris oars.
De karaktereigenskippen fan ús ynwenners binne faak te typearjen as beskieden, nochter: doch mar gewoan. Mar as gemeente wolle wy ek ambisjeus en foarútstribjend wêze. Yn tsien jier tiid binne wy útgroeid ta in profesjonele, folwoeksen en betroubere partner. Earder ha we ússels omskreaun as in kleurrike, aktive en noflike gemeente, dêr ’t we de dingen tegearre oppakke. Underwilens is dat útwurke yn in langetermynfyzje dêr ’t wy it brede wolfeartsbegryp en de Social Development Goals dy ‘t wrâldwiid yn hantearre wurde as paadwizer foar ús plannen hantearje.
Mar sjoch ris wat wy mei ús allen dogge. Hoe fier wy it gaspedaal de ôfrûne jierren yndrukt hawwe. En wat we – mei elkoar- foar elkoar krigen ha. Wy geane folle krêft foarút, sjoch allinnich al nei it ôfrûne jier. De gemeenteried stelde yn 2023 in oanfalsplan earmoede en in nije fyzje op toerisme en rekreaasje fêst. Ek kaam der in nije grienfyzje. Op De Lemmer is begûn mei de bou fan tal fan wenningen oan de Polle, it Lemsterkadeprojekt. En der is úteinset mei de nijbou fan it Zuyderzee Lyceum.
Yn Aldemardum en Aldehaske giene moaie wenningbouprojekten fan start. Yn Sint-Jânsgea, Tsjerkgaast, Aldegea en Ousterhaule wurdt oan lytse wenningbouprojekten wurke, wylst der ek op De Jouwer yn Sint-Nyk fan alles yn ûntwikkeling is. It projekt Roazebosk is klear. Mei de ynfolling fan it eardere snelweitrasee by De Jouwer binne we noch drok dwaande.
Wenningbou bliuwt in wichtich tema de kommende jierren. Hoefolle wenten hawwe we de kommende jierren nedich en wêr wolle we se bouwe? Wy kenne allegearre it ferlet fan nije huzen. Us jongerein, de starters mar ek âlderen dy ’t yn in mear gaadlike wenning wenje wolle, hawwe ferlet fan en rjocht op in nij plak. Dat freget om plannen, mar dat freget ek om begryp fan ús allegear. Wy kinne net allinnich mar de lusten fan ús wize fan libjen ûnderfine, mar moatte ek beseffe dat oaren ek rjocht op dy lusten hawwe. Dat freget ek om beslútfeardigens fan it kolleezje en de gemeenteried.
En wat te tinken fan de Omjouwingswet, dy ’t al njoggen dagen fan krêft is. It wie in gigantyske krêftsynspanning om dat foarinoar te krijen. Tank oan alle meiwurkers dy ’t dat mooglik makken. En dy tank jildt ek foar de minsken fan ús team boargersaken en it klantkontaktsintrum. Se krigen dit jier te krijen mei de organisaasje fan twa ferkiezingen, wylst ek de ûntwikkeling fan ús tsjinstferliening net stilstean bleaun is. Hieltyd mear saken kinne je digitaal regelje en we wurkje no op ôfspraak wat ta minder wachttiden oan de baly liedt.
Ek ús bûtentsjinst fertsjinnet it om neamd te wurden. Fan Poly oant Henk: we hiene en ha geregeld te krijen mei grutte stoarmen en byhearrende skea. Dit freget om grutte ynset, dy ’t we hieltyd effisjinter en klantfreonliker oppakke troch de Fixi-meldings.
Us organisaasje stiet der goed foar, mar wy binne noch net klear. We sille wurkje oan de ferbouwing en útwreiding fan it gemeentehûs sadat we net mear op ferskate lokaasjes hoege te wurkjen en dus alle ynwenners noch better fan tsjinst wêze kinne.
Ik bin benijd nei 2024. Miskien hearre we wol mear oer de mooglike komst fan it sikehûs nei De Jouwer. Jo hawwe it allegearre yn de media folgje kinnen. Wy as gemeentebestjoer ek. De sikehûzen en de soarchfersekerders riede harren ta op de takomst. Dat liedt foar ús beide buorgemeenten ta in beslút dêr ’t men net bliid fan wurdt. It plan fan de sikehûzen dat mooglik dizze maitiid konkreter wurdt is mei ús besprutsen en we sjogge kânsen. Mar we sjogge ek dat der noch in soad barre moat foardat it plan werklikheid wurdt. Dêr sille wy aktyf mei oan de slach en wa wit stiet der by de fiering fan ús 20 – jierrich bestean in nij modern sikehûs op De Jouwer.
Werom nei it begjin. Tsien jier De Fryske Marren. Ik neamde al dat ik grutsk bin op ús gemeente en ús organisaasje, de goed 700 minsken dy ’t har alle dagen wer ynsette om De Fryske Marren fierder te bringen en noch moaier te meitsjen. En dat allegear foar ús ynwenners, bedriuwen en organisaasjes. En foar de gearwurking yn ús provinsje. Wy pakke ús rol by de grutte ûntwikkelingen rûnom lânbou, enerzjy, klimaat, de soarch, de feilichheid, de finânsjes en al dy oare ûnderwerpen dy ’t spylje. Dêryn binne wy yn dy tsien jier sûnder iennige twifel útgroeid ta in stabile, betroubere en profesjonele partner.
Mar wy hawwe ek ús karakter fan plattelânsgemeente behâlden. Fyftich doarpen en ien stêd. As wy elkoar op strjitte tsjinkomme dan groetsje we elkoar. En wy steane foar ien klear as dejinge ekstra oandacht of help nedich hat. Wy binne in gemeente dêr ’t minsken harren op grutte skaal ynsette foar de leefberens fan harren doarpen, bygelyks by de organisaasje fan eveneminten of by de sportferiening. It is hjir noflik wenjen, wy hawwe net in soad kriminaliteit. Ek dêr kinne we grutsk op wêze.
Al ús kearnen hawwe in eigen karakter, mei eigen fragen en winsken. Wy hawwe nau kontakt mei-inoar fia ús doarpe-koördinatoaren en de wethâlders dy ’t allegear kontaktwethâlders foar in tal doarpen binne. Mar benammen mei al dy bestjoeren fan de pleatslike belangen en de doarpshuzen, mei de leden en bestjoeren fan sportferieningen, muzykferieningen, tsjerkegenoatskippen en al dy oare klups dy ’t soargje dat de mienskip yn al ús doarpen en de stêd libjende mienskippen bliuwe dêr ’t brede wolfeart yn de praktyk brocht wurdt.
En oft it no in doarpsbelang, in muzykkorps, de postdoweferiening of in tsjerke is, oeral binne it frijwilligers dy ’t it wurk drage en soargje dat minsken byinoar komme kinne en sa de werklike mienskip foarmje kinne dy ’t wy wêze wolle. As gemeentebestjoer besykje wy dat sa goed mooglik te fasilitearjen. Mar it echte wurk wurdt troch jo, troch ús ynwenners sels dien. Mei-inoar soargje we derfoar dat we ús gemeente moai hâlde en alle dagen noch moaier meitsje.
As gemeentebestjoer wolle wy dêrom ta gelegenheid fan it tsienjierrich bestean fan de gemeente in oantal fan ús ynwenners, fan dy frijwilligers, in blyk fan wurdearring jaan.
Ik tankje jo foar jo oandacht, mar dy oandacht mei no nei dy frijwilligers gean.