30-08-2023 LEMMER – Fanwege de grutte belangstelling spilet de Noorder Smederij op woansdei 4 oktober nochris in ekstra foarstelling fan FLOED, in bysûndere teäterbelibbing by it Woudagemaal yn Lemmer. Op dit stuit binne der hast 3500 kaarten ferkocht en seis foarstellings útferkocht.
It Ir. D.F. Woudagemaal op ‘e Lemmer is fan 22 septimber oant en mei 7 oktober 2023 it poadium foar FLOED. Stichting de Noorder Smederij bringt dit bysûndere ferhaal oer wetter en it gemaal ta libben. Underdompele yn teäter en muzyk belibbet de taskôger FLOED middels in kuiertocht rûnom it Woudagemaal.
It ferhaal fan foed
It Woudagemaal op ‘e Lemmer fertelt al mear as hûndert jier ferhalen. Mar ien ferhaal is noch altyd net ferteld. It ferhaal fan Mare en Gula, it wetter en it gemaal. Mare hat mar ien grutte leafde yn har libben, it wetter. Dy leafde feroaret yn in einleaze langstme nei wetter, nei mear wetter. As Mare har leafde ferklearret oan it wetter by de Iselmar, beslút Gula om it Woudagemaal út har sliep te heljen. It wetter foar it gemaal komt driigjend omheech. It gemaal begjint hieltyd hurder te draaien, mar sil it op ‘e tiid wêze om Mare te rêden?
Ir D.F. Woudagemaal
It Woudagemaal, eigendom fan Wetterskip Fryslân, is it grutste noch wurkjende stoomgemaal fan ‘e wrâld. It stoomgemaal waard yn 1998 op ‘e UNESCO Wrâlderfguodlist pleatst. By ekstreem heech wetter soarget it gemaal noch altyd foar drûge fuotten yn Fryslân. Keninginne Wilhelmina iepene it Woudagemaal mear as hûndert jier lyn, op 7 oktober 1920. In unyk gebou op in unike lokaasje en noch altyd funksjonearjend yn in tige aktuele kontekst: de striid tsjin it wetter.
Spyldata en kaartferkeap
Spyldata: 22 septimber oant en mei 7 oktober 2023. Bestel no alfêst jo kaarten en sjoch foar mear ynformaasje op: www.floed.nl(externe website)